- Andere Talen
- Multilanguage Boeken
- TRYATER SPILET
Afuk
TRYATER SPILET
35,00incl BTW
Vertrouwd sinds 1927
Persoonlijke aandacht en advies
Vanaf 17,50 gratis verzenden NL & BE
Meer dan 150.000 artikelen online
Omschrijving TRYATER SPILET
Tryater bestiet 60 jier! Om dat te fieren jout de Afuk yn gearwurking mei Tryater in jubileumboek ut weryn''t de alsidigens fan it aldste selskip fan Fryslan fierd wurdt.
As jo oan seis willekeurige minsken de fraach stelle soenen "Wat is Tryater?" sille jo net in iensidich antwurd krije, omdat Tryater in dynamysk selskip is dat yn 2025 al sechtich jier yn beweging is. Artistike lieders kamen en giene, krekt as akteurs en technisy. Budzjetten waarden grutter, budzjetten waarden lytser,en de grinzen fan wat teater is en weze kin, waarden hieltyd ferkend en oprutsen. Tryater spile earst yn feesttinten, doe yn doarpshuzen, en letter sels yn in fuotbalstadion of yn in dunpanne op Skylge, sawol by sinne-opgong as sinne-undergong.
Yn it jubileumboek oer 60 jier Tryater toane wy dizze feroaringen, oan de han fan foto''s en oantinkens fan minsken dy''t (yn de ofrune 60 jier) in ban mei Tryater opboud hawwe (tink oan: publyk, (ald-)meiwurkers en pommeranten) en seis gruttereferhalen weryn''t oan de han fan seis tema''s de feroaring fan Tryater yn de ofrune 60 jier beskreaun wurdt. Sa ynterviewde histoarikus Geart de Vries de ferskate artistyk lieders dy''t Tryater troch de jierren hinne han hat, ferdjippe Volkskrant-sjoernalist Annette Embrechts har yn de fraach wat it foar in akteur betsjut om yn de Fryske taal te wurkjen (en hoe''t dat mooglik feroare is), en skreaune skriuwers en akteurs Romke Toering en Raymond Muller inoar brieven oer hoe''t Tryater der yn harren tiid utseach. Fierder ferdjippe skriuwster Kirsten van Santen har yn it lokaasjeteater fan Tryater, beskreau resinsint Sietse de Vries de spilers en it repertoire en undersocht toanielauteur Maaike Bergstra de dialooch dy''t Tryater troch de jierren hinne oangien is mei oare teaterselskippen dy''t wurkje yn in minderheidstaal.
Tryater spilet is it jubileumboek oer ien fan de aldste teaterselskippen fan it lan dat in unike posysje ynnimt yn it Nederlanske teaterlanskip: troch de Fryske taal, troch har oarsprong en troch har fermogen harsels hieltyd wer opnij ut te finen.

Reviews
0.0/5.0
Gemiddelde uit 0 reviews
Meest behulpzame reviews
Nog geen reviews geschreven