- Andere Talen
- Friese boeken
- MIDDLEMARCH
ELIOT, GEORGE
MIDDLEMARCH
39,95incl BTW
Vertrouwd sinds 1927
Persoonlijke aandacht en advies
Vanaf 17,50 gratis verzenden NL & BE
Meer dan 150.000 artikelen online
Omschrijving MIDDLEMARCH
De roman MIDDLEMARCH. A STUDY OF PROVINCIAL LIFE fan George Eliot (skriuwersnamme fan Mary Ann Evans, 1819-1880) ferskynde yn 1871-2 en spilet yn 1829 - 1832, de tiid fan de grutte herfoarming fan de Ingelse kieswet. Dit tsjokke boek bestiet ut ferskillende ferhaallinen, dy''t har konsintreare op de fraach: wat moat ik mei myn libben en hoe kin ik, tsjin de achtergrun en mooglikheden fan de tiid, myn idealisme stal jaan? Yn it bysunder giet it boek oer de fraach wat de rol fan de frou weze kin en moat yn it houlik, yn in tiid dat der foar in frou amper de romte bestie foar de untwikkeling fan har eigen talinten. It boek iepent mei it ferhaal oer de 19-jierrige wees Dorothea Brooke, dy''t mei har jongere suster Celia bij har omke wennet, inrike lanhearre. Sij komt yn de kunde mei de toarre, pedante en folle aldere dominy Casaubon, dy''t in grutte studzje skriuwe wol oer de kaai ta alle mytologyen. Dorothea, dy''t earst har idealisme bod besocht hie te jaan troch der bij har omke en syn buorman op oan te stean om de earmoedige klintsjes fan har pachters te ferbetterjen en te modernisearen, tinkt dat se Casaubon helpe kin bij syn wurk, en sa op dy manier as frou heel wat betsjutte kin. As hij har in houliksoansyk docht nimt se dat oan, al binne alle oaren om har hinne derop tsjin.
Al gau, lykwols, docht bliken dat dat boek noait klearkomt, feitlik net folle foarstelt, en dat har man har stipe, en al gau ek har krityk, net ferneare kin. It houlik is gjin sukses, Casaubon sukkelt mei syn sunens, en wurdt jaloersk op syn achterneef Will Ladislaw, in beppesizzer fan in muoike fan Casaubon, dy''t unterve wie fanwege in houlik under har stan, mar Casaubon hat Will wol underholden en op syn kosten studeare litten. Hij fermoedet dat Dorothea wol foar Will fjilt. As Casaubon komt te stjerren blykt dat er Dorothea unterve hat yn it gefal dat se mei Will trouwe soe. In oar gefal fan in mislearre houlik is dat fan de jonge idealistise husdokter Lydgate: syn kreaze frouRosamond hat inkeld mar niget oan de wenstige rol fan de husfrou, te witten deftige besites untfange en oflizze, en moaie klean. Lydgate wol wat yn de medise wittenkip betsjutte, en docht thus wat eksperiminten, mar alles brekt him bij de hannen om''t of. Syn frou wurket him tsjin, en syn kollega''s ha in skalk each op him en syn nijmoadrige ideeen. Lydgate rakket troch har djip yn de skulden en mislearret as fernijend dokter. In oare ferhaalline is de ferkearing fan Fred Vincy en Mary Garth: Fred soe dominy wurde kinne, mar hat der sels gjin sin oan, wylst Mary seit dan net mei him trouwe te wollen, want sij fynt dat dat amt totaal net bij him past. Troch it hele boek hinne spilet ek noch de fraach, foaral yn ferban mei de bankier Bulstrode, yn hoefier''t der in luchtsje sit oan syn jild.
It boek MIDDLEMARCH, in fiktyf stedsje yn de midden fan Ingelan, hat in hege status yn de Ingelse literatuer. It is wol in psychologise roman neamd fanwege de djipgeande subtile analyses fan de beweechredenen fan de haadfigueren.

Leesfragment
Reviews
0.0/5.0
Gemiddelde uit 0 reviews
Meest behulpzame reviews
Nog geen reviews geschreven