- Boeken
- Hobby
- regionalia algemeen
- fries
- FAMKE FAMKE
ZANDBERGEN, ALE S. VAN
FAMKE FAMKE
22,50incl BTW
Vertrouwd sinds 1927
Persoonlijke aandacht en advies
Vanaf 17,50 gratis verzenden NL & BE
Meer dan 150.000 artikelen online
Omschrijving FAMKE FAMKE
Aam is in famke fan santjin dat net efter de keppel oan hobbelet; se lest Couperus - yn 2012 - en tinkt nei oer wat se lezen hat, dreamt har in bettere wrald. Se wennet mei har heit op ''e Pole, tegearre allinnich ''in the middle of nowhere''. By Hai
je Alkema, har learaar Nederlansk, hat Aam in fin mear as in bears.
Haije hat yn trije desennia net sa''n treflike learling han. Oant koartlyn hat er har mentor west, mar har begeliede dat slagget langer net as it lesjaan him jimmer swierder fal
t, as in labilens him oppenearret, as it ferline him ta ferantwurding ropt...
Yn 1973 hat er op it ferkennende paad fan de iere leafde in fatale misstap makke; dy faze yn syn libben hie er weistoppe, mar dan is der ynienen Lisabel, dy''t, d
oe''t se santjin wienen, wol wat mei him ha woe... wat mislearre fanwegen Saapke, in hynstefamke dat wat rukte, en Erasmus lies, meiprate koe oer keunst, Haije syn passy neist literatuer, doe ek al... en syn oandacht krige.
Famke famke is i
n meinimmende en yntrigearjende psychologyske roman, in ferhaal dat him geandewei uwikkelet yn de twa tiidslagen der''t de lezer Haije folget yn syn dwaan en foaral ek tinken; yn de even haadstikken, as Haije as santjinjierrige syn fleislike lusten u
twierret, allegeduerigen, obsessyf omtrint; en yn de uneven haadstikken, as er mids fyftich is en in griis hat fan syn eartiidske seksuele preokkupaasje. De lezer wurdt ynwijd yn it werom fan Haije syn omslach, in ferslach net sunder spanning, mei in
untknoping... de lezer wurdt al lezend nei de ein dreaun.
Ale S. van Zandbergen debutearre yn 2013 mei de roman Littenser Merke. Yn 2014 krige er der sawol de Rink van der Veldepriis (beste Fryske proaza-boek) foar as de Douwe Tammingapriis
(beste debut). It boek kaam ek op de shortlist foar de Gysbert Japicxpriis 2015.

Specificaties
- MerkHet Nieuwe Kanaal
- GroepREGIONALIA ALGEMEEN (520)
- Barcode9789492457080
- LeverstatusActief
Reviews
0.0/5.0
Gemiddelde uit 0 reviews
Meest behulpzame reviews
Nog geen reviews geschreven