kantoorboek
0

TJERKSTRA, WILLEM

KREFT FAN IT FOLK

22,95incl BTW
  • Vertrouwd sinds 1927

  • Persoonlijke aandacht en advies

  • Vanaf 17,50 gratis verzenden NL & BE

  • Meer dan 150.000 artikelen online

Omschrijving KREFT FAN IT FOLK

Kreft fan it folk is it achtste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Deryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in underdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske te
ksten, novellen en romans, dy''t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy''t troch it gehiel rint.

Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Myster
ieuze kreften, Bertekreft en Kreftfjilden wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren of (1944) oant en mei 1986.

Yn Kreft fan it folk spilet de paradoks fan ienheid en skieding in rol. Op it skilderij ''Prosesje yn it guvernem
int Koersk'' fan de Russyske skilder Ilja Repin sjocht men de ienheid fan de Narod (folk), dat him underdrukt fielt troch de machthawwers. It skilderij ''Presidint Lincoln haldt in rede'' fan de Franske skilder Jean-Leon Gerome'' sprekt ek fan ienhei
d, nei de skieding en boargeroarloch tusken de noardlike en sudlike steaten fan de Feriene Steaten.
Trije keunstners yn It Heidenskip litte yn de galery fan Minke Blomhof-Bonnema keunstwurken sjen der''t in protte folk op of komt: de kreft fan i
t doarpsfolk, hoewol''t ien fan dy keunstners op ofstan bliuwt.
It folk, grut of lyts, is altyd underweis nei in bestimming der''t gjin sprake mear is fan de paradoks fan ienheid en skieding.

Specificaties

  • Merk
    ONBEKEND \ MERKLOOS
  • Groep
    LITERAIRE FICTIE ALG(300)
  • Barcode
    9789464243802
  • Leverstatus
    Actief

Reviews

0.0/5.0

Gemiddelde uit  0 reviews

Nog geen reviews geschreven